Skiednis

IYn 1928 om krékt te wêzen 12 maaie, lei de hear Gysbert Wassenaar de grûnslag foar it "Lean – en transportbedriuw firma Wassenaar". Der waard een bourkerij kocht oan de van Aismawei, en neist syn eigen feehâlderij hold de hear Wassenaar him dwaande mei, mei sa at se dat doedestiids neamden ”Fuormanderij” Dat betjsutte, ploeje, lânklearmeitsje, meane , ierdappel en koalraap ride alles noch mei hynders.

De aktiviteiten waarden rillegau útwreide, hannel yn feefoer en yt jierdappels, ék kaam it earste personiel . Der waarden frachtweinen oankocht en fuort nei de oarloch kwaam de earste echte trekker, te witten in Farmall M út it marshall help programma. It sil yn de 60, 70 er jierren wést ha dat Gysbert syn 4 soannen Kobus ,Dries , Lieuwe en Jan it stokje oernamen . De mechanisatie gong no noch yn in rapper tempo troch en dat fertaalde him yn hyltied wer nije oankeap fan ark, ék op it méd fan transport stie de tiid net stil en waard it wein park útwreide oant 3 frachtweinen en wie neist it gewoane riden der ék feeriden bij oanhélle.

Âld makket plak foar Nij En ek yn de lânboumechanisaasje feroare in soad......
Healwei de jierren 80 waard de direksje útwreide mei 2 soanen fan kobus te witten Jan-Teake en Andre en 2 soanen fan Lieuwe te witten Gysbert en Auke-Pieter dy tsjintwurdich de direksje foarmje.

Fan ôf dy tiid is it bedriuw wér troch groeit en begongen we mei mais en troch regeljouwing op it méd fan jarre en bejarjen waard de earste jarrebak mei seaddebejarder oanskaft , it begjin fan wat letter in enoarme poat ûnder dit bedriuw wurde soe, wat troch de oername fan ferskillende jarre tansport tanken fan 37 kup no yn 2008 in beslach krigen hat fan 5 stiks , ek mei weachynstalaasje. Spesialistiske útriid masines selsridende jarrebak Vredo dyt mei de húnegong it lân op en dél riid en 2 sleepslang bejarders alles op brede bânnen en mei 12 mtr brede masines om it oer it lân te bringen. Ék rûn der in saakundige jarrefoarljochter bij ús oan it bedriuw dy,t adfisjearre as der mineralen lykas fosfaat en stikstof oan- as ôffiert wurde moast.

Yn 2007 binne we ferhûze nei de hjoeddeiske lokaasje, dêr krigen we in nije wurkpleats en wurktúchberging. Ék waren der yn de loop der jierren silo’s op it terrein bouwd sadat yn de wintermoannen it driuwdong riden troch gong en wij yn de maaitiid de dong relatief ticht bij hiene, at de dong yn koarte tiid ûtriden wurde mat.

Om’t der op it terrein 2 lisboksstâllen stienen en it bloed krûpt werd it net gean kin, waard der beslétten om ék de feehâlderij nij libben yn te blazen. Der is earst yn de âlde stâllen buorke, maar yn 2017 waard de boel ferbouwd en yn 2020 binne der 2 molkrobots oanskaft. En no wurde der san 120 kij molken.

Op dit stuit -en dan skriuwe we 2021- ha we 16 dongoplizzers allegear yn de bekende fryske flage kleuren en twa Vredo’s. Derneist is der ék yn it oare ark omraak ynfesteard, sa ha we yn 2021 in nije Vredo en in nije New Holland T7.245 AC oanskaft beide fersjoen fan in nije Tjalma bemester.

Foar ús hjoeddeiske aktiviteiten ferwize wij jo nei ús webside.

Oant sa fier ús skiednis yn fûgelflécht.

Fotoalbum Skiednis

FaLang translation system by Faboba

Fa. Wassenaar

Hogerhuisdyk 20

9045 RG Bitgummole

© Mestweg - Ontwerp WebSpinner internet service - Login