Mestweg

Ien van ús haadsaken is de yn- en ferkeap en ferfier van hast alle soarten driuw- en fêstedong.       

Wij beskikke oer 16 dongoplizzers allegear mei weagerij. Fjirder beskikke wij oer twa walkingfloors dyt ynset wurde foar ûndermear de fêstedong. Sûnt ein 2020 wurkje wij mei elektronische dongbonnen (EVDM) wermei wij al klear binne foar de takomstige wetjouwing.

Èk foar it útriden fan dong binne jo bij ús op it goede plak. Wij kinne jo fan tsjinst wêze mei in Vredo VT4556 (19.5m³) mei in 12.37 meter brede Tjalma  bemester.  Dizze masine riid yn hûnegong en is hat in luchtdruk wiksel systeem  sadat ynsporing ta in minimum beheind bliuwt, ék is dizze masine foarsjoen fan Trimble GPS mei autopilot.

Yn it foarjier wurd dizze masine brûkt te sleepslangen en hat dan in speciale opbouw. Dit ynmiddels befaamde systeem wurd al jierren tapast yn de weet foar de maitydsbedonging. Dit alles giet yn nauwe gearwurking  mei George Pars Graanhandel.

Fjirder is der it hiele jier rûn een New Holland T7.245 AC beskikbaar foar it sleepslangen en dizze trekker stjit op extra brede bannen en is ék foarsjoen fan luchtdruk wiksel systeem en Trimble GPS mei auto pilot. Efter dizze trekker sit ék in 12.37 meter brede Tjalma Hydrodisc bemester. Sawol de Vredo, de New Holland as de beide bemesters binnen nij oanskaft yn 2021!

Nij  is de optie  op de bemesters om mei kultivatortosken op de keale bou te wurkjen sadat ék der  kreas wurk levere wurd.  En beide masines ha de mooglikheid om taakkaarten te lêzen sadat der op ferskillende plakken, mear as minder jarre komme kin.

Ek is der nog een twadde Vredo dizze hat in 12.5 m3 tank en in Vredo bemester fan 7.20 meter. Dizze riid uteraard ék yn hûnegong.

Foar fragen oer yn- en ferkeap en ferfier fan dong kinne jo skilje mei: Jan Wassenaar 06 2003 75 68

Foar de planning fan dong ûtriden kinne jo skilje mei: Hans Zondervan 06 2384 50 02

FaLang translation system by Faboba

Fa. Wassenaar

Hogerhuisdyk 20

9045 RG Bitgummole

© Mestweg - Ontwerp WebSpinner internet service - Login